Skiednis

Hommeles

Yn 2023 stiet der wer een ferrassing op it programma, nammentlik:

Hommeles fan Masquerade Theater Jongerein!

Stel datst ynienen krimpst en sa lyts wurdst as in ynsekt. Wat soest dan dwaan? Dit oerkomt Erik, in aardige en tûke jonge út groep 7. Moarn hat er in sprekbeurt oer biodiversiteit. As hy besiket de lêste dingen yn syn holle te stampen falt er yn ‘e sliep. Ynienen wurdt er wekker makke troch in nijsgjirrige bij. Dreamt er dit of is it echt?

Hy slút freonskip mei dizze bij dy’t Maja hjit, mar rekket har ek al gau wer kwyt. No is Erik hielendal allinnich yn de grutte ynsektewrâld. Yn syn syktocht nei Maja moetet er allegear ferskillende ynsekten dy’t him sjen litte dat se, hoe lyts se ek binne, allegear fan belang binne om de natuer yn balâns te hâlden. Erik blykt troch syn sprekbeurt in soad kennis fan ynsekten te hawwen. Dit komt him goed fan pas, mar de ynsektewrâld blykt toch oars en gefaarliker te wêzen ast krekt sa grut bist as in ynsekt. Hy rûgelt fan it iene aventoer yn it oare.

Dan komme Erik en Maja derachter dat der in grut gefaar driget. It libben fan it bijefolk stiet op it spul. Erik besiket mei Maja en syn oare nije freonen de koer te rêden. Sil dit harren slagje? Kom, sjoch en belibje dit spannende aventoer mei harren mei.

‘Hommeles’ is losjes basearre op ‘Erik of het klein insectenboek’ en ‘De avonturen van Maja de bij’ en is oanfolle mei nije ferhalen, betocht troch de jonge teatertalinten fan Masquerade.

Spyldata:
freedtejûn 23 juny
sneontejûn 24 juny
sneintemiddei 25 juny (matinee)
freedtejûn 30 juny
sneontejûn 1 july
sneintemiddei 2 july (matinee)

Reservearje

Hâld de webside yn’e gaten foar de lêste update.

Mar better noch… folgje ús op Facebook & Twitter.

Dan bist der wis fan datsto neat mist!!!

Folgje ús ek op Twitter@masqueradeFRL

en #Check&Like ús Facebookpagina en Instagram