Yn 2021 stie der wer een ferrassing op it programma, nammentlik: Striid om’t Mearkeslot fan Masquerade Theater Jongerein!

Op dit stuit is in groep fan 25 jonge spilers en bandleden drok dwaande mei it meitsjen fan de nijste foarstelling fan Masquerade Theater. 

Nei it sukses fan de foargeande jierren komt de jongerein opnij mei in ferrassend stik ûnder tafersjoch fan rezjy Job de Roo. It is skreaun nei oanlieding fan de ynbring fan de spilers en harren sels betochte personaazjes. De muzyk is wer spesjaal foar Masquerade Theater komponearre troch Mariët Piersma. De Masquerade-band sil dizze muzyk live by de foarstellingen spylje, wertroch it in unyk en bysunder gehiel wurdt. Dit jier meitsje wy op in kreatieve manier gebruk, fan recycle materiaal fan kostuums oant rekwisieten en it ymposante dekor fan Fogelsang State Feankleaster.

Dizze foarstelling is tige geskikt foar publyk fan 4 tot 144.

Dêr is in striid geande om de macht yn it Mearkesbosk. Want Wikka de heks is lilk en hat it slot beset. Alle mearke figuren binne yn rep en roer en betinke in plan. Mar it liket oft de kweade kant….Wikka en har helpke oan de winnende han is!! Dêr komt feroaring yn wannear ynienen Juf Rapunzel mei har muzyk learlingen op besite komt. Harren unferwachte besyk stjoert alles yn it hundert….of is dat no krekt goed?

De striid om it Mearkeslot begjint nei’t Wikka de heks rûzje hân hat mei boskwachter Geert en syn soan Jan. Se hawwe in beam op har hûs falle litten. Wikka beslút dêrom it slot te besetten en kening Freddy-Rick en keninginne Livia gefangen te nimmen. Sy en har kat Azraël wolle it slot allinich ferlitte as se it teehûs krijt. Dêrom beslút it hele Mearkebosk yn aksje te kommen. Sil it de mearkekarakters slagje om Wikka ôf te setten en de kening en keninginne te befrijen? Jo sille it mei eigen eagen sjen moatte.

In ferhaal oer goed en kwead, werby bliken docht dat wannear asto dyn hert brûkst, it altiid wer goed komt.

Benijd??  Notear dan alfest dizze data yn jo aginda!

Freed 18 juny & sneon 19 juny 20 oere foarstelling los,

snein 20 juny 15 oere los

Freed 25 juny & sneon 26 juny 20 oere foarstelling los,

snein  27 july 15 oere los

Freed 1 july & sneon 2 july 20 oere foarstelling los,

snein 3 july 15 oere los

Hâld de webside yn e gaten foar de leste update.
Mar better noch… folgje us op Facebook & Twitter.
Dan bist der wis fan datsto neat mist!!!

Folgje ús op Twitter @masqueradeFRL en #Check&Like ús Facebookpagina en Instagram