Masquerade Theater presintearret: ITE BY AFKE & NIENKE

Masquerade Theater presintearret: ITE BY AFKE & NIENKE
 

Masquerade Theater Jongerein komt mei nijs!

Ite by Afke & Nienke

Op dit stuit is ús ploech drok dwaande mei it meitsjen fan de nijste foarstelling fansels, mar der binne noch mear dingen nij! 

Wy binne jong en wy wolle wat oars.

Ite by Afke.jpg

De priis foar it spesjale diner is €27,50 foar folwoeksenen, €25 foar bêrn. Wat krije jo dêrfoar? In geweldich diner, totaal yn’e styl fan NIENKE. Nei it iten kinne jo sa trochrinne nei de foarstelling. Yn it skoft kinne jo fergees in konsumpsje helje. Dat is dochs in topdeal? Wy meitsje der wer in spektakel fan!

Kaarten reservearje foar de foarstelling NIENKE giet dit jier fia in online ticketbureau. Hjir foar is 1 euro administraasje kosten per bestelling fan tapassing oant de max fan tsien kaarten.

E-tickets foar bern, folwoeksenen en 
!Ite by Afke & Nienke! Komme ynkoarten online, bestelle kin no noch net!

 

klik hjir om jo kaarten te reservearje

(Nei akkoart beteljen krije jo in mail mei in link.

Fia dy link kinne de e-tickets download wurde

Se binne allinnich jildich op de datum dy’t op it e-ticket stiet .

Elts ticket hat in unike koade. Kopiearje hat gjin doel want de koade is mar ien kear jildich.

Printsje it ticket of lit de koade op de mobyl sjen.

Dit is it tagongsbewiis.

* Kochte e-tickets wurde net weromnaam en kinne net ruile wurde.)

 

MasqueradeTheater Tillefoan: 06-

* Dit nûmer is berikber yn jûntiid fanôf 18:00 oere.

Hâld de webside yn'e gaten foar de lêste update.
Mar better noch... folgje ús op Facebook & Twitter.
Dan binne jo der wis fan dat jo neat misse!!!