Hoi allegear!

Leuk datsto sjochst op ús webside! Op dit stuit binne we drok dwaande mei ús nije foarstelling, nammentlik:

Striid om’t Mearkeslot

klik hjir om alfêst online tickets te bestellen

Besjoch hjir ús nije trailer!

Ús jongerein makket sich op foar de it folgjende súksesnûmer. 2024 Bringt ús en ús publyk wer wille en aardichheid. Dêr hat elkenien ferlet fan!

Masquerade Theater Jongerein motto:

Fan, Foar en Troch jongerein.

Fan bestjoer oant klean, rekwisiten, technyk en muzyk oeral klinkt harren eigen ideeën en stim yn troch.

Troch it sels te dwaan leare wy it meast! Dat is de krêft en it ferskil fan ús jongerein.

Keunst en kultuer is in wichtich ding foar elk bern. De wrâld op harren eigen manier ûntdekke. By ús is neat gek en kinst dysels wêze. Meitinke, dwaan, leare en sjen litte wat foar moais wy tegearre meitsje. Wurkje oan wat bysûnders mei in prachtige ploech kreative jongerein fan 8 oant 18 jier.

Masquerade Theater Jongerein is neat sûnder harren stipers en de minsken dy’t ús ploech in waarm hert tadrage. Lâns dizze wei wolle we jim allegear tanksizze foar jim bydrage. Hoe lyts of grut dizze bydrage ek is, sûnder jim help wie it ús net slagge!

Haadstipers:

Stipers yn natura
Plaatselijk belang KollumerzwaagFerskate tsjinsten
Fogelsangh StateLokaasje iepenloftspul
Draadlozemicrofoonnodig.nlLûd en ljocht
Ebbing containersGebrûk rydplaten
Sijperda verhuurDixies
Spar KollumersweachCatering nedichheden