Striid om't Mearkeslot

 

De striid om it Mearkeslot begjint as Wikka de heks rûzje hân hat mei Geert, de boskwachter en syn soan Jan. Se ha nammentlik in beam op har húske falle litten. Wikka beslút dan om it slot te besetten en Kening Freddy-Rick en Keninginne Livia gefangen te nimmen. Wikka en har kat Azraël wolle it slot allinnich ferlitte, as sy it teehûs yn harren besit krije. Dêrom beslút it folsleine Mearkesbosk yn aksje te kommen. Sil it de Mearkesfigueren slagje om Wikka ôf te setten en de Kening en de Keninginne te befrijen? Kom nei de foarstelling, om dat mei eigen eagen te sjen.

 

Kaarten reservearje foar de foarstelling Striid om't Mearkeslot giet dit jier fia in online ticketbureau. Hjir foar is 1 euro administraasje kosten per bestelling fan tapassing oant de max fan tsien kaarten.

Bêrn  € 7,50 (oant 12 jier)

Folwoeksenen € 10,-

Let op! Jo kinne ek op de bonnefooi komme, mar fol is fol! De kaarten oan'e doar binne €10,- foar bêrn en €12,50 foar folwoeksenen.

 

klik hjir om jo kaarten te reservearje

(Nei akkoart beteljen krije jo in mail mei in link.

Fia dy link kinne de e-tickets download wurde

Se binne allinnich jildich op de datum dy’t op it e-ticket stiet .

Elts ticket hat in unike koade. Kopiearje hat gjin doel want de koade is mar ien kear jildich.

Printsje it ticket of lit de koade op de mobyl sjen.

Dit is it tagongsbewiis.

* Kochte e-tickets wurde net weromnaam en kinne net ruile wurde.)

 

MasqueradeTheater Tillefoan: 06-83424045

* Dit nûmer is berikber yn jûntiid fanôf 18:00 oere.

Hâld de webside yn'e gaten foar de lêste update.
Mar better noch... folgje ús op Facebook & Twitter.
Dan binne jo der wis fan dat jo neat misse!!!