Hoi allegear!

Leuk datsto sjochst op ús webside! Op dit stuit binne we drok dwaande mei ús nije foarstelling foar dit jier, dat giet oer Oarloch & Frijheid:

Brêge nei Frijheid

Útfierings binne op 20,21,22 & 27,28,29 juny 2025, op Dokkumer Nije Silen! Fia ûndersteande link kinne jo de E-tickets bestelle:

MGtickets.nl

De rolbesetting is kompleet en we bin útein setten mei de repetysjes.

Masquerade Theater Jongerein is in jongereinploech en dat bliuwt ek sa❣️

Opjaan kin altyd en kin fia dizze link. Spilers bin der genoch, mar figuranten kinne we nog wol brûke.

  • Rezjy is in hânnen fan Oetsen van der Veen
  • Muzyk troch Ella de Jong en Herman Woltman
  • Meiwurking fan it federaasje orkest

Dielen is ❤️

Help! wa wol ús jongerein helpe mei de produksje fan 2025?
It wurdt in prachtich stik mei tema 80 jier Frijheid. Mei wier barde eleminten út ús omjouwing.

Mar wy ha driuwend ferlet fan frywilligers‼️
•Bouwploech
•Kleanklup
•Ferkearsregelers
•Katering
Op alle terrein kinne we help brûke. Hast tiid, wolst byspringe? Sûnder help rêde wy it net op…

Fia dizze link kinst dy opjaan.

Masquerade Theater Jongerein motto: Fan, Foar en Troch jongerein.

Fan bestjoer oant klean, rekwisiten, technyk en muzyk oeral klinkt harren eigen ideeën en stim yn troch. Troch it sels te dwaan leare wy it meast! Dat is de krêft en it ferskil fan ús jongerein.Keunst en kultuer is in wichtich ding foar elk bern. De wrâld op harren eigen manier ûntdekke. By ús is neat gek en kinst dysels wêze. Meitinke, dwaan, leare en sjen litte wat foar moais wy tegearre meitsje. Wurkje oan wat bysûnders mei in prachtige ploech kreative jongerein fan 8 oant 18 jier.

Masquerade Theater Jongerein is neat sûnder harren stipers en de minsken dy’t ús ploech in waarm hert tadrage. Lâns dizze wei wolle we jim allegear tanksizze foar jim bydrage. Hoe lyts of grut dizze bydrage ek is, sûnder jim help wie it ús net slagge!

Haadstipers:

Stipers yn natura
Plaatselijk belang KollumerzwaagFerskate tsjinsten
Stifting Farrend Erfskip De Nije SilenLokaasje iepenloftspul
Draadlozemicrofoonnodig.nlLûd en ljocht
Kuin aannemingsbedrijfBoumateriaal
Ebbing containersGebrûk rydplaten
Sijperda verhuurDixies
Spar KollumersweachCatering nedichheden