Spylje
Op it toaniel stean, sjonge of figurearje. Mei of sûnder ûnderfining: by ús krijst de romte om te groeien.

Iepenloftteater fan, foar en troch jongerein
Masquerade Theater Jongerein makket alle simmers in Frysktalich iepenloftspul yn Noardeast-Fryslân. Fan bestjoer oant dekôr, fan klean oant muzyk: jongerein fan 8 oant 18 jier betinkt en makket it sels.
Masquerade Theater Jongerein
By ús hat de jongerein it foar it sizzen. It jongereinbestjoer kiest it ferhaal en tinkt oer alles mei: klean, rekwisiten, technyk, muzyk en sels de poster. Folwoeksenen helpe, mar nimme it net oer. Troch it sels te dwaan, learst it measte.
Lês ús ferhaal
In iepenloftspul is folle mear as wat it publyk sjocht. By Masquerade kiest de jongerein sels wat se dwaan wol.
Op it toaniel stean, sjonge of figurearje. Mei of sûnder ûnderfining: by ús krijst de romte om te groeien.
Dekôr bouwe, klean en grime, ljocht en lûd, rekwisiten en posters. Sûnder makkers gjin foarstelling.
It jongereinbestjoer kiest it ferhaal en nimt de besluten. Sa learst hoe't in produksje echt wurket.
Efkes sfear priuwe




























“De enige jeugd toneelploeg in Friesland waar jeugd regeert!”
Sytze Bijlsma en Jan-Willem Hania hawwe de ekstra sjuerypriis 'útblinkers' wûn foar harren gearspul yn Dreamlân.
Lês mearTwa wykeinen by de brêge fan Dokkumer Nije Silen, mei fjouwer generaasjes op it toaniel. In simmer om noait te ferjitten.
Lês mearSpilers, figuranten, muzikanten, bouwers en helpende hannen: der is altyd plak. Jou dy op en wy nimme kontakt mei dy op.