Spiler
Fan 8 oant 18 jier. In grutte rol of in lytse, mei in soad tekst of mar in bytsje.

Masquerade is fan de jongerein sels. Oftsto no op it toaniel stean wolst of leaver efter de skermen meibouwst: der is in plak foar dy.



Fan 8 oant 18 jier. In grutte rol of in lytse, mei in soad tekst of mar in bytsje.
Meidwaan yn de grutte sênes sûnder in soad tekst te learen. Ek folwoeksenen binne wolkom.
Us foarstellings hawwe live muzyk. Spilest in ynstrumint of sjongst graach? Kom derby.
Bouwe, skilderje, naaie, grime, ljocht en lûd. Makkers binne likegoed nedich as spilers.
Alden, pakes, beppes en buorlju: fan kofje sette oant ferkear regelje. Sûnder frijwilligers gjin iepenloftspul.
Folje it formulier yn. Dat ferplichtet dy ta neat.
Wy nimme kontakt mei dy op en do komst in kear sjen.
Fan jannewaris ôf repetearje wy troch de wike yn 'e jûn. Yn de maitiid geane wy nei bûten.
Ein juny en begjin july spylje wy twa wykeinen foar publyk.
Spilers binne tusken de 8 en 18 jier. Foar figuranten, muzikanten en frijwilligers jildt gjin leeftiidsgrins.
Nee. Nocht en ynset binne it wichtichst, de rest learst ûnderweis.
It seizoen begjint yn jannewaris. Wy repetearje troch de wike yn 'e jûn en sa no en dan op snein. De krekte tiden steane yn de aginda.
Us foarstellings binne yn it Frysk.
Nim kontakt mei ús op foar de kontribúsje fan dit seizoen.