Fan, foar en troch jongerein
Masquerade Theater Jongerein is yn 2013 begûn yn Kollumersweach, mei ien idee: jongereinteater fan, foar en troch jongerein. Dat idee is noait feroare. Wol binne wy groeid: fan de byldetún oan de Foarwei nei de Simmerwei by Aldwâld, de tún fan Fogelsangh State en de brêge fan Dokkumer Nije Silen.
By ús hat de jongerein it foar it sizzen. It jongereinbestjoer kiest it ferhaal en tinkt oer alles mei: klean, rekwisiten, technyk, muzyk en sels de poster. Folwoeksenen helpe, mar nimme it net oer. Troch it sels te dwaan, learst it measte.
Alle jierren meitsje wy in Frysktalich iepenloftspul foar jong en âld, mei live muzyk en op in bysûnder plak yn ús eigen omkriten. Keunst en kultuer hearre by elk bern. By ús is neat gek en meist wêze wasto bist.



