Nei de ynhâld
MasqueradeTheater Jongerein

Mâle Wâlden

In aventoer fol humor en muzyk oer in liuwewelpke, in bistetún yn New York en in stel pinguins op ûntsnappingstocht.

2027Aldwâld (Oudwoude)

Mâle Wâlden

Mâle Wâlden is in aventoer oer in liuwewelpke dy't troch stropers fongen wurdt en dêrnei yn 'e bistetún fan New York telâne komt. Dêr makket er nije freonen. Nei 10 jier finzenskip tinkt ien fan de freonen oan in libben bûten de bistetún. Troch in stel pinguins op ûntsnappingstocht, kin de freon ek útnaaie en lûkt de wide wrâld yn.

De freonen dy't efterbliuwe, beslute om him te sykjen en rôlje sa fan it iene aventoer yn it oare. Oft it allegear goed komt is de fraach, want it giet mâl. In aventoer fol humor en muzyk datst net misse meist.

Foto's