
Gjin gewoan iepenloftspul, mar poppeteater mei libbensgrutte poppen. Wikka de heks hat rûzje mei Geert de boskwachter en syn soan Jan, om't der in beam op har hûske fallen is. Se beset it slot en nimt kening Freddy-Rick en keninginne Livia finzen.
Wikka en har kat Azraël wolle pas fuort as se it Teehûs krije. Dan komt it hiele Mearkebosk yn aksje. Slagget it harren om de kening en de keninginne te befrijen?
De spilers krigen les fan profesjonele poppespilers en fan sjong- en muzykdosinten.






