
Yn 2025 wie it tachtich jier lyn dat Nederlân befrijd waard. Brêge nei Frijheid fertelt oer oarloch en frijheid, mei wier barde eleminten út ús eigen omkriten.
Doutzen sjocht werom op har jonge jierren en op har freonskip mei Sytske. It ferhaal wurdt ferteld troch de jonge en de âlde Doutzen. Mei in draaiend dekôr, in hinnehok as ûnderdûkplak en legerauto's dy't troch de buorskip rieden.
Hast de hiele buorskip Dokkumer Nije Silen die mei oan dizze produksje.





