Nei de ynhâld
MasqueradeTheater Jongerein

Dreamlân

In aventoer foar jong en âld by de brêge fan Dokkumer Nije Silen. Belibje se dit echt, of dreame se it allegear?

2026Dokkumer Nije Silen

Dreamlân

Dreamlân is ús eigen ferzje fan it ferhaal fan Peter Pan. Janne en har broerke Mike wenje yn de oarlochsjierren yn Londen. Alle jûnen foar it sliepen gean fertelt mem Wendy harren oer Peter en syn striid mei kaptein H.

Dan wurdt der in kostbere skat stellen fan it skip fan de kaptein. Hy ûntfiert Wendy, alteast, dat tinkt er, en wol har ruilje tsjin de skat. Mar ienris yn Dreamlân rint alles oars en reitsje se yn hast magyske situaasjes.

It stik is skreaun yn opdracht fan it jongereinbestjoer, dat in aventoer woe mei spanning en sensaasje, mar net te bernich. Fjouwer generaasjes stiene tegearre op it toaniel, fan njoggen oant mear as tachtich jier.

Foto's