
In gesellige, muzikale famyljefoarstelling oer Nienke van Hichtum, de skriuwersnamme fan Sjoukje Troelstra-Bokma de Boer. Oars as de measte froulju fan har tiid naam se gjin genoegen mei allinnich it húshâlden. Se skreau De tsien fan Martens Afke en brocht berneboeken en berneferskes by de minsken thús.
Fyftjin bern fan 4 oant 18 jier spilen yn de byldetún oan de Foarwei, mei live muzyk.