
Mei Krisis-Kamp begûn it allegear. Yn 2014 spile Masquerade Theater foar it earst in eigen produksje, in jier nei de oprjochting. It skript is skreaun nei oanlieding fan ymprovisaasjes, films en boeken.
It Frysktalige iepenloftspul giet oer bern fan 'bekende' Friezen dy't troch harren âlders op kamp stjoerd wurde om de Fryske taal nij libben yn te blazen. Mar yn it K.R.I.S.I.S.-kamp giet fan alles mis. In stik fan de jongerein, mei humor, spanning en sensaasje.

