
In mearke-eftige foarstelling oer de grins tusken fantasy en de hurde wurklikheid, mei it klimaat as reade tried.
Erik, in tûke jonge út groep sân, falt yn 'e sliep by it oefenjen fan syn sprekbeurt oer ynsekten. De nijsgjirrige bij Maja makket him wekker, mar se reitsje inoar kwyt. Wylst Erik har siket, driget der oarloch tusken it bijefolk en de wepsen yn it Simmerbosk.
Tegearre mei de jongerein betocht en skreaun.




