
Sytze Bijlsma en Jan-Willem Hania hawwe de ekstra sjuerypriis 'útblinkers' wûn foar harren gearspul yn Dreamlân.
By de útrikking fan de Gouden Gurbes yn Snits hawwe Sytze Bijlsma en Jan-Willem Hania de ekstra sjuerypriis 'útblinkers' wûn foar harren gearspul yn Dreamlân. Sytze spile in âlde seebonk en piraat, Jan-Willem de jonge piraat dy't ûnder syn hoede kaam.
Neffens de sjuery litte se sjen dat elkenien in plak op it toaniel fertsjinnet. Alve iepenloftspullen diene dit jier mei. Wy binne grutsk dat ús lytse ploech by de nominearren siet, en noch grutsker op dizze twa. Lokwinske, mannen!