Repetysjes Peer Gynt

Einlings is it wer safier wy meie wer los. De earste lêzings binne west en de ploech is tige entûsjast. Wat binne wy wer bliid dat we live repetearje kinne.

Lokaasje Peer Gynt

Op ús prachtige nije lokaasje yn Âldwâld binne we in oantal wiken lyn al útein setten mei it útbaggerjen fan de fiver foar de foarstelling “Peer Gynt”. It wetter moast wol trochstreaming ha en skjin wêze oars kinne wy fansels net feilich spylje. It is in hiele klus, mar jo sille hielendal yn’e betsjoening reitsje …