Brêge nei frijheid fertelt it ferhaal oer twa bêste freondinnen út Dokkumer Nije Silen, bern noch mar. Yn oarlochstiid bedarje se fan it iene spannende aventoer yn it oare. Opgroeie yn ‘e oarlochstiid is net ienfâldich, hielendal net as de bern ek nog ûnderdûke moatte fier fan hûs. Sille se harren mem ea weromsjen?
Brêge nei frijheid is in ferhaal oer freonskip, striid en moed. Basearre op wier gebeurde ferhalen út ’40-’45 lit dit iepenloftspul sjen hoe kostber frijheid is en wêrom it belangryk is de skiednis net te ferjitten.